Skip to content

Direct naar blokkenschema:

Bloeiweek 16 t/m 22 augustus 2026

BLOEIWIKE YN JISTRUM
Fan 16 augustus oant en mei 22 augustus

Ek dit jier wolle wy jim útnoegje by de twadde edysje fan ús Bloeiwike yn Jistrum! Fan snein 16 oant en mei saterdei 22 augustus fiere wy opnij de pracht fan de omjouwing en de bloei fan ús mienskip.

Yn dizze twadde Bloeiwike binne der wer tal fan aktiviteiten foar jong en âld, ûnder oare:

  • Sportaktiviteiten lykas keatsen, Hyrox, bootcamp, in fytstocht en Jachtseizoen
  • Aktiviteiten foar de jeugd lykas foarlêzen foar pjutten, de himmeldei fan de fûgelwacht, mocktails meitsje en yn de kunde komme mei muziekinstruminten by Blaze Bliksem
  • Kreatyf dwaande wêze mei negatyf skilderjen, in faas pimpe, plaid filte en blomskikke
  • Ynspirearjende lêzing fan Theo Mulder
  • Mei elkoar wêze by it Sjerphúske, Lekker ite en in American party
  • De wrâld besjen fanút in drone
  • De jûn Jistrum troch de jierren hinne mei filmkes en musyk
  • En fansels is de Jistrumer pubkwis wer werom!

Mis it net! Litte wy ek fan’t jier mei elkoar soargje foar in kleurige en bloeiende wike!

Wy hoopje jimme allegearre wer te sjen!

Mei bloeiende groetnis,
It team fan de Bloeiwike Jistrum

Nieuws

GRUTSK!: De Bloeiwike Jistrum ferbynt en bloeit!

Wat in wike leit der efter ús! As Bloeiwikekommisje binne wie grutsk foar alle moaie mominten. De kroan wie de supergesellige pubkwis fan justerjun. Wat in enerzjy, wat in wille…

Lees verder
Slagge American Party en ûntbleating ynsektenhotel yn De Trochset!
Lees verder

Blokkenschema

Besjoch it folsleine programma fan de Bloeiwike! Fan workshops en sportive útdagingen oant lêzingen en kuier- as fystochten. Foar elkenien is der wat te dwaan. Plan dy wike frij en mis net ien fan de prachtige  aktiviteiten yn ús doarp!

zondag 16/8

Ferbiningstsjinst PKN

maandag 17/8

Pimp dyn Faas
Vol

dinsdag 18/8

woensdag 19/8

donderdag 20/8

vrijdag 21/8

zaterdag 22/8

Aanmelden vrijwilligers

Wurd frijwilliger wilens Jistrum Bloeit! en help mei om fan dit bysûndere evenemint in grut sukses te meitsjen! Wy sykje entûsjaste minsken dy in hantsje helpe wolle by ferskillende aktiviteiten, lykas helpe by it begelieden fan workshops, stypje by sportive eveneminten, bartsjinsten draaie as it organisearjen en klearsetten fan in aktiviteit. As’t no in pear oerkes helpe kinst of in hiele dei, alle help is mear as wolkom.

Dyn ynset makket wier it ferskil en draacht by oan in griene, sûne en hechte mienskip. Mei-inoar soargje wy der foar dat elkenien in fantastyske wike belibbet. Meld dy hjoed noch oan en wurd ûnderdiel fan dizze bloeiende beweging!

Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Contact

Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Hasto fragen, suggestjes of wolsto mear ynformaasje oer Jistrum Bloeit?

Wy hearre graach fan dy! Brûk it kontaktformulier op dizze side om ús te berikken. Wy stribje dernei om sa gau mooglik te reagearen op alle berjochten.

Back To Top